In bydrage ta de
Filosofy fan de wittenskip

P. Kramer.

Natuerkunde kontra wiskunde.
Yn myn wurk haw ik my dwaande holden mei tapaste fysika. Dat wol sizze dat it der om gie, beskate ferskynsels te ferklearjen om sa de krektens fan mjitmetoaden beoardielje te kinnen. Foar in foarbyld sjoch Band Edges of Silicon. Ik wit noch dat ik foar sok wurk ris in fyftegraads yntegraalferliking oplosse moast. Yn it grutte blauwe boek fan Adamson socht ik dêrfoar op hoe't dat moast. Dêrmei wie ik klear mei de wiskunde. Yn datselde boek seach ik ek dat sa'n sekstegraads ferliking ûnoplosber west hie, mar dat ynteressearre my net: ik hie gewoan gelok hân.

Dit ferhaaltsje jout oan dat foar beide dissiplines in alhiel ûngelikense ynstelling nedich is. Ik kin my net yntinke dat minsken har mei grutte wille ferdjipje yn wiskundige fraachstikken en fan skaken hâld ik ek net. Dêrfoaroer bin ik tige ynteressearre yn wat yn 'e praktyk omgiet en hoe't dat allegearre oaninoar fêst sit.

It giet hjir eins om in ûnderskie tusken 'ynterne' en 'eksterne' wittenskip: de wiskundige tipelt om mei ferbannen dy 't troch de minsklike logika sels úttocht binne en hy besiket om dêrop fuort te breidzjen. Dat wurdt altyd in sletten systeem. De eksperimintele fysikus dêrfoaroer hat te krijen mei in grutte mannichte gegevens, dy 't er yn 'e praktyk fynt en dêr moat er in theory foar betinke. En it sil bliken dwaan dat de praktyk altyd wat fan dy theory ôfwykt: der binne altyd wer detail-effekten dy 't har oan syn masterskip ûntlûke: hy hâldt in iepen systeem.

Histoaryske kontra syngroane taalwittenskip.
Om 1900 hinne sloech de histoaryske taalwittenskip foar master op: neigean hoe 't de talen út âldere stagen ûntstien binne (foarbyld Siebs' Geschichte). In nije wei waard ynslein troch de Saussure (Cours de linguistic générale, 1919), dy 't de taal beskôge as in gearhingjend systeem op in beskaat stuit. Dat giet dus gewoan oer de taal fan 'e minsken, sûnder der rekken mei te hâlden hoe't dy mei oare talen gearhinget. Dy wize fan beskôgjen fûn gâns neifolgers en hast alle moderne theoryen fan taal bewege har binnen dat ramt. Dat sukses is mei te ferklearjen út it feit, dat by it ferskinen fan de teory it ekstreme âlde nasjonalisme troch de earste wrâldkriich syn glâns aardich kwytrekke wie. Sadwaande is de histoaryske taalkunde in Jiskepûster wurden.

De syngroane taalwittenskip fertoant in opmerklike oerienkomst mei de wiskunde. Krekt as de wiskunde bestudearret hja benammen de ynterne logika fan de minske, diskear dy fan syn taal. Dat is ek te sjen oan it yn ferhâlding lytse tal oanhellings yn artikels en dan noch benammen oer logyske ferbannen dy't troch oaren fûn bine, krektlyk as by wiskunde. By natuerkunde en histoaryske taalkunde dêrfoaroer besteane de oanhellings benammen út eksterne gegevens: resultaten fan fysyske mjittings en ekspeariminten, respektivelik troch de auteur of oaren sammele taalgegevens. En om wer in subjektyf gegeven yn te bringen: krekt as wiskunde fyn ik syngroane taalwittenskip yn it algemien in uterst ferfelende saak. Blykber heart by de ûnderskate dissiplines in oar type minske.

De fraach fan it nut.
Tusken beoefeners fan beide soarten taalwittenskip is gauris in lichte wriuwing te fernimmen: de "syngroanen" kinne it har net yntinke dat immen mei histoaryske saken ompankoeket en oarsom. Oan de 'eksakte' kant is it oars; dêr hat de natuerkundige fan it begjin ôf oanfurde dat er de wiskunde as helpmiddel nedich hat, wylst oan 'e oare kant de wiskundige begrypt dat syn wurk op himsels gjin brea op 'e planke bringt.

En sa binne wy dus oan de nutsfrage kommen. Wat is nut? Ik wol dat definiearje as "alles wat bydraacht ta it wolwêzen fan it minskdom". As gâns boargers har der noflik by fiele te fernimmen hoe 't harren taal ôfstamt fan de ien of oare heechachte sprake út de âldheid, dan hat sok histoarysk krewearjen allinne dêrtroch al hiel wat nut. Fierders mei net fergetten wurde dat de histoaryske taalkunde bydrage kin ta de histoaryske kennis yn it algemien. De syngroane taalwittenskip dêrfoaroer kin syn nut ûntliene oan it feit dat hja in taal beskriuwt en dat hja sa in grammatika makket, dy 't de boarger wer brûke kin by it learen fan in frjemde taal as in middel om dy taal te generearjen. (By de hjoeddeiske trend om by it oanlearen fan in taal út te gean fan praktyske teksten, wurdt dat nut fansels wol wer wat lytser). En sels de taalhistoarikus kin yn guon gefallen nut hawwe fan 'e syngroane taalkunde, b.g. fan de fonology (in foarbyld yn in fonologyske ramp).

As wy no op'e stoel fan 'e beliedsmakker sitten geane, dan kinne wy sizze dat der eins gjin goede reden oan te fieren is foar in hegere wurdearring fan de syngroane rjochting yn 'e taalkunde. Better is om te besykjen ta ûnderling oparbeidzjen te kommen sa't dy ek oan de eksakte kant mei sukses beoefene wurdt. Op dy wize wurdt ek befoardere dat it foar de histoaryske rjochting geskikte type minsken yn 'e taalkunde bliuwt. Dêrmei wurde dan de optimale betingsten skepen foar nije trochbraken dêr 't wy it nut no noch net fan besjen kinne. PK, 3-8-2000.

1