Omrop Fryslân | Werom nei: frysk.htm |
Dat is de Fryske omrop,
dy't yn hiel Fryslân troch de eter en op 'e kabel te hearren is.
En no 7 sept. 2000 ek op ynternet!
It Fryske nijs fan 7.00, 12.00 en 17.00 oere kin elke dei beharke
wurde mei de fergees del te laden spiler.
Frysktalige radio-útstjoerings binne der op wurkdagen 12 oeren deis en yn it wykein 10 oeren deis en binne ek yn 'e buorprovinsjes te hearren (88,6 MHz).
Frysktalige televisy-útstjoerings binne der ien oere deis en dy wurde dan letter op 'e jűn noch in pear kear útstjoerd.
It is spitich dat Omrop Fryslân net yn hiel Nederlân te
űntfangen is, om noch mar te swijen fan 'e rest fan 'e wrâld.
Faaks dat it ynternet dęr nochris útkomst biede kin. [Mar no is it safier!]
Trânskripsje:
[Guon paden] dy binne yn 'e
sechstiger jierren binne dy ferhurde woarn. Ik tink at it
hjoeddedei noch moast, dat it der net mear yn siet. En nee, dat
woene we dan ek net mear, want dy sânpaden, ja ek de lânsdouwe*
hat dy sânpaden yn it behear en wannear as Jo op in bepaalde
menier beheare, dan lizze.. kinne se der ek altyd moai by lizze,
want: Sjoch, ja sjoch sa'n paad ek.- Dit is noch âlderwetsk, in
sânpaad mei in fytspaadsje der njonken. - Ja, ja, no sa ha wy
dat.. sa ha ek it oait.. noait oars kinnen, allinnich..
*Eastermar's Lânsdouwe is in boere-organisaasje dy't it lânskip yn stân hâlde wol.