In tapassing fan OpAmps
Yn it skema hjir ûnder is it trijehoekje de OpAmp, mei links de yngongen (+ en -) en rjochts de útgong. De oanslutings fan 'e fiedingsspanning (+10V en 0V) binne net tekene. |
In eksponinsjele funksjegenerator.
It doel is om in elektryske stream te generearjen dy't
eksponinsjeel mei de tiid tanimt. Dat is berikt troch it
tafoegjen fan trije wjerstannen (R1, R2 en R3) en in kondinsator
(C) oan de OpAmp.
Om't de útgong fan 'e skeakeling fia R3 oan'e yngong
"-" fan 'e OpAmp leit, besiket de skeakeling de
spanning tusken de yngongen + en - op nul te krijen. Troch de
grutte fersterking fan de OpAmp (> 10 000 x) kin dy spanning
dêrom gelyk oan nul ûndersteld wurde.
Fierders útgeande fan de ûnderstelling dat de yngongsstreamen
fan de OpAmp nul binne, kinne foar it skema no de folgjende
ferlikings opsteld wurde:
u2 = i2 R2
i1 = u2/R3 = i2R2/R3
u1' = i1/C dt en dêrút u1 = mi1/C dt = R2/(R3C) mi2 dt.
Ek is u1 = R1 i2 en dêrom R1 i2 = R2/(R3 C) mi2 dt.
Differinsjearre: R1 i2' = R2/(R3 C) i2 of : i2' = R2/(R1 R3 C)
i2.
Stel: i2 = A e*t,
dan is i2' = A *e*t
en dus *=
R2/(R1 R3 C).
Folget: i2 = A e R2/(R1 R3 C) t
Fierder is: i3 = i2 + i1 = (1 + R2/R3) i2 = (1 + R2/R3) A e R2/(R1.R3.C)
t
Of : |
|
Hjiryn is B de stream i3 by t = 0, beskaat troch de by starten
yn C oanbrochte lading.
Mei R1=R2=R3 = 4,7 kS en C = 10 nF
ferdûbelt i3 him yn 37 µS, wêrby't mei de doe tapaste OpAmp de
funskje oer twa dekaden binnen 1% krekt eksponinsjeel bliuwt.
Troch tapassen fan FET-yngongen en heger maksimum útgongsstream
kin dat gebiet grif wol ta 6 dekaden útwreide wurde.
___________________________________
P. Kramer, oktroai 1968.
Hjoeddedei soe men faaks earder oan in kompjûter-bestjoerde
streamboarne tinke.
En oan guon net-technyske lêzers, dy 't har fernuverje oer sa'n
"útfining": it earste begjin komt út wat dizenige
dreamerijen, de saneamde ynspiraasje, dy't dan earst yn 'e
praktyk útprebearre en behoffene wurde moatte, foar't se goed
wurkje. Dêr wurdt men sels as "útfiner"ek tige
beskieden fan. Al dy moaie formules wurde der earst letter
bysleept om it gehiel te ferklearjen, al hat it gefoel derfoar
fansels al yn dy ynspiraasje sitten. PK