Skied6A P. Kramer, 29-6-1992/
12-12-1994 /1-6-1995ad /30-9-1997ad/ 28-9-2007. E A S T F R Y S K E _ T A A L K U N D E YNLIEDING Dit haadstik beskriuwt it Frysk yn de kuststripe tusken Lauwers en Elbe. Yn 'e Nijeastfryske tiid (sûnt 1550)* hawwe wy - ôfsjoen fan in riedsel ( Fokkema 1959:12), in losse sin (Von Wicht 1746:40) en inkelde spoaren yn Grinslân (Niebaum 1997:55) - allinne tsjûgen fan fiif Fryske taaleilantsjes: it Sealtersk yn West-Oldenburg, it Wangereachsk op it eastlikste waadeilân Wangereach, it Iemsfrysk, it Harlingerlânsk en it Wurstfrysk út it lân Wursten noardlik fan Bremen. Om har hinne waard it Leechdútsk hieltyd sterker, wylst yn 'e lêste pearhûndert jier it Heechdútsk dêr noch oerhinne kaam. Hjoeddedei is allinne it Sealtersk noch in sprutsene taal. De stof twingt dit haadstik ta in wat twaslachtige yndieling. Leksikografy en grammatika binne as beskriuwende disiplines tige dialekt-spesifyk en binne dêrom neffens dialekten ûnderbrocht. By de mear algemiene ûnderwurpen leksikology en taalskiednis geane de measte publikaasjes oer mear as ien dialekt, reden wêrom't dêr de dialekten mienskiplik behannele wurde. Itselde is dien by nammekunde en taalsosjology mei it each op spesjaal yn dy ûnderwurpen ynteressearre brûkers. A. LEKSIKOGRAFY en GRAMMATIKA A1. Sealtersk It âldste Sealtersk binne twa wurden yn in oarkonde fan 1415 (Kramer 1971b:44, Fort 1984:103f). Fierders it wurd gräven schatt 'grêveskat' yn 1699 (Hettema/Posthumus 1836:318). De taalkundige ynteresse begjint earst oan 'e ein fan 'e 18e ieu mei de wurdlisten fan Detten (1798, útjefte Fort 1984:104-108, oanhelle 1990:15-16), Hoche (1800, beskreaun by Minssen 1854:157f, Kramer 1971b:44-56, Fort 1980:16-25, Fort 1990:16-20; mei kommentaren yn it hânskrift fan Hettema yn 'e marzje fan eks. 3544G yn 'e Provinsjale Bibleteek) en Westendorp (1819) yn 1813 (Kramer 1971b:57f, Fort 1990:21f; Nederlânske stavering). As tekst jout Hoche it "Us Heit" ( Brouwer 1964:49, 108f), dat omstavere wurdt troch Depping (1811, oanhelle neffens Brouwer 1964:50, 109f, Fort 1990:20). De earste gruttere tekst is de likenis fan de ferlerne soan fan 1812 (útjefte Fort 1988:25-33, oanhelle 1990:20-21). Yn it grouwe boek "Onze reis naar Sagelterland" (Hettema 1836, kommentaren Minssen 1854:146, 158f, Siebs 1893:240, Fort 1980:22-24, 1990:22-24) beslacht de taal mar sa'n 75 siden, dêr't de lytse helte fan in wurdlist is. De stavering is tige argaïstysk (al wurdt fan en ta de stomme r mei in oar type oanjûn) en fantasy liket ûntbrekkende dingen oan te foljen. Dochs sit der wol materiaal fan wearde yn. Mar neffens in anonymus (1837), dy't ek noch koart útweidet oer de útspraak en de dialekten, sil it grutte muoite kostje om it wiere yn dit "Gemenge von Unwahrheiten" te finen. Nei alle wierskyn wie dy anonymus Nieberding, dy't yn deselde styl en deselde jiergong in fral skiedkundige beskriuwing fan Sealterlân jout mei inkelde Sealter wurden (Nieberding 1837). Yn in foarproefke brûkte Hettema (1832) in folle ienfâldiger stavering, lykas ek op guon plakken yn it boek om de útspraak oan te jaan. In Sealter wurdlist ôfkomstich fan Strackerjan waard brûkt troch Kosegarten (1846). De Wangereager wurdlist fan Frerichs befettet yn it begjin gâns Sealter parallelen (Versloot 1996b: 207-256). Hettema (1836:205-224) jout ek in Sealter spraakleare mei in net al te dúdlike opjefte fan de (Roomelster) útspraak. By de foarmleare sit it goede hast of alhiel ûnwerkenber ferskûle yn ûnkrektheden en ekstrapolaasjes út it Aldfrysk. "Mittheilungen aus dem Saterlande" (Minssen 1854, 1965, 1970). Neffens it foarbyld fan syn oantroude neef Ehrentraut (Miedema 1961:34) jout er earst tige wiidweidige wurdlisten neffens wurdsoarte (meiinoar sa'n 4000 wurden mei gauris foarbylden) en dêrnei mearkes en beskriuwingen. Hy brûkt in frij konsekwint lûdskrift (Kramer 1970a, Fort 1990:26) en makket in tige objektive yndruk. Opmerklik is, dat er wol ûnderskied makket tusken de twa lange e-fonemen ([e:] en [e.i]), mar net tusken de lange o-fonemen ([o:] en [o.u]). Al earder hie Minssen (1849:165-276) yn in "Vergleichende Darstellung" de lûd- en foarmleare fan it Aldfrysk en inkelde moderne Fryske tongslaggen neistinoar set. Feitlik befettet dit wurk in Sealter spraakleare mei gâns sels sammele materiaal (b.g. oer telwurden) dat er letter net wer jout. Wol begjint er syn haadwurk "Mittheilungen ..." mei in yngeande beskriuwing fan 'e lûden (1854:164-167), mar dochs is dy net foldwaande om de útspraak krekt út ôf te lieden. Benammen de útspraak fan de lange ä is net dúdlik (fgl. Fokkema 1959:18). De fierhinne fan Ehrentraut oernommene fonetyske stavering liket wol oeral konsekwint brûkt te wêzen. Fierders bestiet Minssen syn wurk fral út de neffens wurdsoarte oardere grutte wurdlisten. By de tiidwurden (1854:168-227) binne de sterke krekt as by Ehrentraut yndield neffens de fokaal fan de ymperfekt, om't se net passe yn Grimm syn klassesysteem (1854:162). It substantyf jout er 1965:73-189 mei taheakken oer plante- en plaknammen en in ynlieding oer it meartal en de resten fan ferbûging en preposysjonele konstruksjes. It oare wurdt ûnderbrocht yn in haadstik "Pronomen, Adjektivum und die übrigen kleineren Redetheile" (1965:5-59) en ynlaat mei opmerkingen oer it gebrûk fan 'e numeralia en it pronomen en oer fersterkjende adverbia en substantivearring fan adjektiven. Ynterjeksjes, skelwurden, alliteraasje, tautology en rym behannelt er 1965:60-66. Fierders folget noch in grut tal teksten (Minssen 1970). Hettema syn neilitten hânskriften (7158, map V yn 'e Provinsjale Bibleteek) befetsje in ûntwerp fan kommentaar op Minssen syn krityk mei opmerkingen oer de lûden. 2007: Sealter materiaal út 'e neilittenskip fan Ehrentraut is útjûn yn Griep (1999). Jout Minssen fral materiaal yn 'e tongslach fan Schäddel en inkelde stikken yn dy fan Roomelse, de teksten by Firmenich (1846, s. 233-235) binne dúdlik yn 'e tongslach fan Strukelje. Itselde is it gefal mei it hânskrift fan Möller (út 1881, Miedema 1961:54). It jout sa'n 4000 wurden mei fan en ta foarbyldsinnen. Neffens de folchoarder is it ta stân kommen oan 'e hân fan in Dútsk wurdboek. De stavering liket konsekwint, mar der binne tekens dy't derop wize dat it oerskreaun is. Bröring (1897f., sj. Miedema 1961:166) is fral fan belang troch syn sprekwurde-samling. Njonken de yn Roomelster tongslach oersette fan Minssen binne dêr 357 nije by, alles mei parallelen út Wander (1867-1880) syn sprekwurdeboek. Boppedat jout er inkelde mearkes. Neogrammatysk is it wurk fan Siebs. Om't de hânskriften fan Minssen en dúdlik ek Möller him ûnbekend wiene, moast er op 'e nij oan it sammeljen. Sealterlân wie it earste Fryske gebiet dat er ûndersocht (Miedema 1961:61). Syn grutste wurken (1889 en 1901) befetsje gâns wurdmateriaal (lang net itselde!), wylst er yn 1893 en 1934 hiel wat teksten jout, beide út sawat 1890. Syn Wangereager teksten fan 1923 befetsje de Sealter parallelen fan twa likenissen. Siebs (1889) is eins net folle mear as in tige útwreide en licht bekommentariearre foarm fan de parallele wurdlisten by Minssen (1849). Utgeande fan it (West)germaansk behannelt er allinne de lûden yn wurdlidden mei klam. Wichtich is, dat er alle materiaal út ferskate Fryske tongslaggen sels sammele hat, wêrtroch't goede útspraakfergeliking mûglik wurdt (mar ferg. Hoekema 1969). Foar Sealterlân jout er materiaal út alle trije doarpen. Folle fierder útwurke is Siebs (1901). Gâns mear wurdfoarbylden binne daliks yn 'e tekst opnommen en de lûden yn wurdlidden sûnder klam en de bylûden wurde ek behannele, lykas ek de folsleine bûgingsleare. Oan 'e ein folgje wiidweidige oersjoggen fan de fokalen fan moderne tongslaggen mei har afr. parallelen en gâns foarbylden. In oersjoch fan de afr. lûden makket it mûglik om it betreffende plak yn 'e haadtekst werom te finen (foar it Sealtersk omkeard yn Kramer 1994a:22-26). Op dizze wize is it boek in histoaryske lûd- en foarmleare fan it Aldfrysk en sân moderne tongslaggen (wêrby Sealtersk en Wangereachsk), ôfsletten mei nhd. en afr. registers. De fral foar de lûdleare folle behindiger earste printinge (1891) befettet inkelde ôfwikende Sealter foarmen. It seit himsels, dat letter wurk foar in grut part op it boppesteande berêste sil. Dochs liket it kreaze oersjoch fan de Strukeljer pastoar Heuer (1913) risseltaat fan eigen waarnimming te wêzen. Fan de tiidwurden behannelt er lykwols allinne gripe 'gripe'. Sjölin (1969) jout s. 66-69 de Sealter parallelen ta afr. lûden, lykas ek Fort (1980), dy't boppedat noch systematysk de mnd. oarsprong fan de lûden yn lienwurden behannelt. Syn foarmleare is beskriuwend (ferl. Kramer 1982a), lykas ek dy fan Kramer (1982b en koarter 1961 en 1992). Kramer jout de afr. en germ. parallelen fan de Sealter lûden (1994a:22-26). Mear spesjaal Strukeljer en Schäddeler ferskynsels wurde beskreaun yn Fort 1985 en 1990. Botke (1934) syn boekje Sealterlân is fral fan belang om de grutte list fan biste- en plantenammen, faaks foar in part ôffrege by de yn Strukelje berne pastoar en natoerleafhawwer Wilhelm Schulte. Op eigen waarnimming sil ek in part fan de Sealter lûd-parallelen by Krogmann (1953:33-38) berêste. Op dialektgeografyske grûnslach stiet it wurk fan Matuszak (1951), dy't in fierhinne alfabetyske opsomming jout fan sa 'n 4000 wurden yn 'e trije Sealter tongslaggen en trije Leechdútske tongslaggen út 'e neiste omkriten. Ferbûgingen ûntbrekke. Hy wiist op 'e umlaut fan o en u yn de tongslach fan Schäddel en fynt (1951:241ff.) bysûndere denominative verba op -je yn it Sealtersk. Fral op krantestikken fan Hermann Janssen en it wurk fan Matuszak en Botke en wat minder op dat fan Minssen (1970:77-187), Möller (1881) en Siebs (1934) is it Seelter Woudebouk fan Kramer (1961) boud. It brûkt de praktyske Sealter stavering fan 1958. In derop berêstend wurdboek Frysk-Sealtersk leit yn hânskrift (v. Dellen 1969). Janssen (1967) jout in rige telwurden. Gâns bestjurre diminutiven komme foar yn lânnammen. Kramer ûnderstelt assibilaasje fan ferlytsings-k yn lânnammen op -sene, -sum (1972). Gâns nij materiaal bringt it wurdboek fan Fort en Dumstorf (1980), yn in wat feroare stavering, mei help fan it ôffreegjen neffens Leechdútske wurdlisten. Kramer (1995) is in kompjûter-omsetting fan Fort (1980) en Kramer (1961). Noch wer nij materiaal leverje de troch Fort fêstleine en oersette folkskundige teksten fan W. Kramer yn Strukeljer tongslach (1985) en dy fan oaren yn Schäddeler tongslach (1990). It ûndersyk fan Versloot (1991, 1994) nei de nammen fan de lichemsdielen smiet ek noch tige nijsgjirrich materiaal op. De stúdzje fan de syntaksis beheint him ta inkelde opmerkingen by Minssen (1849, 1854), Kramer (1982b) en Fort (1980). Oerienkomst mei it Ingelsk by Fort (1985:153). In fonologyske beskriuwing fan it Sealtersk jout Kramer (1968a). Oer lang vs. heallang yn it Sealtersk diskussiearje Fort (1971) en Kramer (1971a). Beynfloeding fan it Sealter foneemsysteem troch kontakt mei it Dútsk wurdt behannele troch Tröster (1996). Fort (1996) besprekt Romaanske lienwurden. Hiel wat unyk materiaal is ek fêstlein foar de argiven by ôffreegjen foar taalatlassen en dialektwurdboeken. Dat begûn mei de Deutscher Sprachatlas (ôffrege yn 1879-86). Doe kamen de Atlas der deutschen Volkskunde (1930-35), it Niedersächsisches Wörterbuch (1936-38), de Deutscher Wortatlas (1938-39), it Westfälisches Wörterbuch (ca. 1950), de Taalatlas van Oost-Nederland en aangrenzende gebieden (1956, mei noch apart troch T. Hoekema ôffrege Fryske wurden) en op 't lêst de Atlas linguarem Europæ (1975). Mar in tige globale delslach dêrfan is werom te finen yn de úteinlike útjeften (Wrede 1927ff., Harmjanz 1936ff., Mitzka 1951ff., Foerste 1969, Jungandreas 1953ff., Heeroma 1957ff., Alinei 1983ff., guon gearfetsjend König 1978). In wichtige rol by it fêstlizzen fan it Sealtersk foarmje yn 'e nijere tiid de lûdsopnamen. Dat begûn al mei de opnamen fan Th. Siebs yn Varel fan 1927 (Miedema 1961:240). Njonken de troch Wenker foar de dútske taalatlas ûntwurpen sinnen ("Wenkersätze") wurde stikjes ferteld (meiinoar sa'n oardel oere). De fan Botke (1934:47) neamde grammofoanplaat fan de "ferlerne soan" haw ik net fine kinnen. Om 1950 hinne folgen op inisjatyf fan de fonetikus Zwirner opnamen mei H. Wesche (2 oeren) en yn 1951 opnamen mei W. Krogmann (2 oeren). Yn de jierren 1967 oant 1994 makke Kramer 141 oeren opnamen en yn 1972 makke A. Spenter mei H.F. Nielsen en F. Schroller 32 oeren opnamen (û.m. mei ôffreegjen fan de minimale pearen neffens Kramer 1968a). Fierders binne der noch koartere opnamen fan W. Deeken, G.R. Groustra, Th. Deddens, N. Århammar en Th. Griep. Fan fierwei de measte opnamen bewarret it FLMD te Ljouwert kopyen op kassette. Al it boppeneamde materiaal wurdt sa folslein mûglik werjûn yn it Näi Seelter Woudebouk (Kramer 1992ff.). A2. Wangereachsk De earste publikaasje kaam fan Kosegarten (1846). Dy jout foarbylden út wurdlisten fan de dûmny Steenken, de dokter Ulrich Jasper Seetzen út 1800 (neffens Ehrentraut 1847:14, dy't it "ohne Werth" achtet, wie in Kunstenbach de oarspronklike skriuwer; Kosegarten hie der in ôfskrift fan krigen; no útjûn troch Versloot (1995)), de doetiidske Wangereager skoalmaster Minssen (ek al om syn stavering tinklik net deselde as de bewurker fan it Sealtersk, lykas Gerhardt 1938 wol mient) en in fâd Allers. Fan itselde jier is in wurdlist fan A. Lübben (1846, oanhelle neffens Gerhardt). Fan mear wearde achtet Ehrentraut in hânskrift mei 2790 wurden en wat tekst fan Frerichs, dy't oant 1834 dûmny op it eilân wie. Sjoch no foar alles Versloot 1996b: xii-xix. De grutte dokumintaasje fan it Wangereachsk kaam fan Ehrentraut sels (1847ff., sammele yn 1837-1844) mei wiidweidige wurdlisten (sa'n 5000 wurden mei gauris foarbylden) en dan beskriuwingen en inkelde mearkes (it is bleaun by de Erste Lieferung; de folle gruttere rest is koartlyn fûn te Jever en útjûn troch Versloot (1996b)). Ehrentraut brûkt op inkelde tekens nei (b.g. de yn it Sealtersk net foarkommende th, TH) itselde skrift as Minssen en men moat oannimme dat de beide hearen dat ek goed meiinoar besprutsen hawwe en dat dêrtroch fia it Sealtersk de Wangereager útspraak frij goed fêstlein is. It Wangereager materiaal yn Minssen (1849) liket ek allegear fan Ehrentraut ôfkomstich te wêzen. Ehrentraut jout fierders (I:3-109 en 338-416) in koarte lûdbeskriuwing en de neffens wurdsoarte oardere wurdlisten mei in besprek oer de tiidwurden (fral oer de twa ynfinitiven ûnder fergeliking mei Sealter materiaal fan Minssen) en inkelde opmerkingen oer syntaksis. Ferbûging fan sterke verba en meartallen fan substantiva binne oeral oanjûn. Tige nuttige gearfettingen jout Minssen yn syn "Darstellung", lykas oer de meartalsfoarming (1849:226). Ehrentraut hie syn ûndersyk ek noch mar krekt op 'e tiid dien, want yn 'e winter fan 1854/55 en de jierren dêrnei waard it grutste part fan it doarp troch oerstreamingen fernield en de measte ynwenners flechten nei de fêste wâl, fral nei de koloanje Neuwangeroge by Varel en nei Hooksiel (B.E. Siebs, 1928:11-13). Dat wiene dan ek de plakken dêr't Th. Siebs de measte ynformaasje foar syn grutte wurken weihelle. Oars as by it Sealtersk koe er op syn foargonger lynje, mar dochs sil der nij materiaal yn sitte, lykas saltdirt 'sâltlokje' (1889:299), dat net by Ehrentraut syn Substantiven stiet. Boppedat binne syn opnamen fan belang foar de útspraak, dy't doe al aardich ûnwis waard (1901:1379). Dan fine wy in rige teksten by Firmenich (1854, s. 8ff.) en in "Us Heit" by Gröne (1881:57-58), beide oanhelle neffens Gerhard 1938, s. 11. Fan H. Möller syn besite oan Neuwangeroge (Miedema 1961:54) liket neat bewarre bleaun te wêzen, of it moast wêze de tsien mei "wang." oantsjutte wurden yn syn Sealter hânskrift (Möller 1881), dêr 't allinne bülte 'bult' wier fan Ehrentraut ôfwykt. De yn syn Noardfrysk wurk jûne Wangereager foarbylden (Jørgensen 1938) sille ek wol by Ehrentraut wei komme (Gerhardt 1938, typte "Nachtrag", dy't dy besite net neamt). Letter waarden noch Wangereager teksten op skrift steld fan E. Littmann (1922; opnommen yn 1897, fgl. Miedema 1961:104, 238) yn in skriuwwize mei gewoane tekens. Hy levert ek in beskriuwing fan de Wangereager lûden, dy't alteast foar in part eigen waarnimming befetsje sil. Th. Siebs (1923) jout in rige teksten yn syn fonetysk skrift, mei dêrby de Wenker-sinnen. Op beide joech Bremer (1923ff.) neffens Gerhardt (1938) noch ferbetteringen. Dêrnei kaam B.E. Siebs (1928, fgl. Miedema 1961:245) mei in list fan biste- en plantenammen, dy't folle wiidweidiger wie as dy by Ehrentraut. Boppedat jout er nochal wat wurden (S. 69), dy't by Ehrentraut lykje te missen. Yn 1954 komt er noch mei oanfollingen (s.104). Fan de âldere taalatlas-opnamen sil ek Wangereager materiaal bestean moatte. De wurdskat út it printe materiaal is makliker tagonklik wurden troch it wurdboek fan Remmers (1993). Hofmann jout yn syn dissertaasje (1961A:81-84) in folsleine opsomming fan de Wangereager Diminutiven mei har -k, -îk, -ûk -utgongen, faaks beynfloede troch de stamfokalen. It liket him ta dat de diminutyf-foarming yn it lêstoan net mear produktyf wie, likemin as yn it Sealtersk. Yn 1950 stoaren de beide lêste sprekkers fan it Wangereachsk (B.E. Siebs 1954:104). Fan grut belang binne dêrom de Vareler opnamen, in seldsum middel om it Wangereachsk noch te beharkjen. Neist de Wenkersinnen wurdt der ek op ferteld. De Ljouwerter kopy (yn it FLMD) is tige rûzerich en dêrom min te folgjen. Fan bettere kwaliteit moatte Bremer syn opnamen fan 1924/25 op 12 "Phonogrammwalzen" wêze, dy't letter (allegearre?) oerbrocht binne op grammofoanplaten (Gerhardt 1937/38, Miedema 1961:252). De "taljochting" fan D. Gerhardt (1938) is yn wêzen in gearfetting fan publikaasjes oer it Wangereachsk. Boppedat steane der guon neilitten opmerkingen fan Bremer yn oer it Wangereachsk, fral oer de fonetyk. De "Phonogrammwalzen" wurde bewarre by de "Nordfriesische Wörterbuchstelle" te Kiel (freonlike meidieling A. Walker). Der sil besocht wurde om de ynhâld fan de "Walzen" en de platen oer te bringen op moderne lûdsdragers (T. de Graaf). Dat is namstemear fan belang om't elke kear ôfharkjen de kwaliteit fierder oantaast. A3. Iemsfrysk Fan dizze tongslach is bewarre in brulloftsgedicht út 1632 fan Imel Agena fan Upgant by Norden (mei kommentaar útjûn troch Holthausen 1927:68-71). Ien sin wurdt oanhelle by Sipma (1943:43), wylst Fort (1990:12-13) in part fergeliket mei it Sealtersk. Opnommen yn Remmers (1993). Krogmann (1956:98) jout noch in Frysktalige oantekening fan deselde Agena (ek by Remmers (1994:134). Ek in 16de ieuwske glosse oer Sint Walburg yn B1 (Buma 1949:6*) en inkelde lytsere lykas yn E2 (Fokkema 1952:11) kinne yn 'e Nijfryske perioade falle. A4. Harlingerlânsk Dizze útstoarne tongslach is allinne bekend troch it yn meardere hânskriften oerlevere wurk Memoriale linguæ Frisicæ fan Johannes Cadovius-Müller, dy't dûmny wie yn Stedesdorf by Esens. Neffens it Auricher hânskrift fan 1691 (útjûn troch Kükelhan 1875) befettet it sa'n 1500 wurden, fral haadwurden, sa 'n 20 siden tekst: siswizen, stikken út de katechismus en it âlde hardersliet Buhske di Remmer (yngeand behannele fan Krogmann 1953). Boppedat binne der sa'n 1100 persoansnammen, dy't dûmny wol út 'e tsjerkeboeken helle hawwe sil. It gehiel wurdt ôfsletten mei diels Fryske lofsangen fan oaren. Cadovius syn wurk jout eins ek de âldste morfologyske stúdzje fan ús gebiet, mei't er syn substantiven (sûnder meartal!) oarderet neffens saaklike skiften. Syn lytse list mei tiidwurden (spitigernôch sûnder ferbûging) hat in koarte ynlieding dy't wiist op it bestean fan twa ynfinitiven. Dûbelfoarmen by de numeralia soene op in twaslachtich systeem wize kinne. It lichtjes útwreide Jeverske hânskrift is mei de ôfwikende foarmen fan de oare hânskriften útjûn troch König (1911). Dochs bliuwt it fan belang om Kükelhan te rieplachtsjen, b.g. s. 49 in thokumende tyde 'yn kommende tiden', dat by König mist. It Harlingerlânske materiaal foarmet de grûnslach fan Remmers (1993) syn wurdboek fan 'e útstoarne Nijeastfryske tongslaggen. A5. Wurstfrysk Dizze ek útstoarne tige nijsgjirrige tongslach is bewarre yn twa wurdlisten, ien fan goed 700 wurden fan Westing út 1688 (útjefte Bremer 1888) en ien fan 133 wurden en in sin fan Witte út sawat 1720. Beide binne tegearre útjûn fan R. Möllencamp (1968) mei gâns gegevens oer it ûntstean derfan en in wiidweidich literatuer-oersjoch. De tekst wurdt jûn as in wurdboek, oardere neffens de Dútske oersetting mei parallelfoarmen út de literatuer en de al Leechdútske Wurster wurdlist fan Renner. In goede saak is, dat de hânskriften sels dêrby yn faksimilee jûn binne. De wurdskat is ek opnommen yn Remmers (1993). Möllencamp ûntdiek (1968:35) ek dat Westing syn list op deselde wize oardere wie as Cadovius sines (sj. A4) en dat yn beide gefallen deselde Latynsk-Dútske wurdlist as grûnslach brûkt wie. B. LEKSIKOLOGY B1. Semantyk Spesifike wurdfjildstúdzjes lykje noch net op ús gebiet betrutsen te wêzen. Wol sit fansels ien en oar ferskûle yn etymologyske stúdzjes. B2. Etymology It âldst is Junius (1743, mar foar 1671 skreaun; oanhelle neffens Feitsma 1957), dy't in Aldfrysk baalen neamt, wat Sealtersk baale 'prate' wêze kinne soe (Fort 1990:12), mar neffens Breuker (1990:45) oernommen is út de ynkunabel Druk. Hast alle samlers hawwe wol hjir of dêr yn har wurk min of mear krekte etymologyske opmerkingen makke. Foar it Sealtersk wurdt dit allegearre oanhelle yn Kramer (1992ff.), dêr't ek oare mûglikheden koart werjûn wurde. Aparte stúdzjes geane oer de terminology fan it turfgraven (Kramer 1979) en oer baale (Kramer 1983, Hoekema 1989). Ferskate Sealter en Wangereager wurden binne oanhelle yn de etymologyske stúdzjes fan W. de Vries (1915). Holthausen (1927) jout wurdferklearringen foar it Wurstfrysk (oanhelle by Möllencamp 1968), it Harlingerlânsk en it Iemsfrysk. Remmers (1993) biedt in grut tal parallelfoarmen út oare talen. Wangereager en Sealter parallelen binne ek opnommen yn Århammar (1968b, 1969, 1984, 1989), Buma (1958a, b), Droege (1975), Miedema (1978) en yn de gruttere wurken fan Faltings (1983), Löfstedt (1928, 1931, wat minder 1963ff.) en Spenter (1968). In rychje Sealter wurden besprekt Kramer (1967a,b, 1968b,c,d, 1969b,c, 1970b,c,d). Faltings behannelt de etymology fan 'okse' (1992) en 'rún' (1994) en fan adjektiva mei l-suffiks (1996a). Remmers (1995a, 1996) besprekt de etymology fan reliktwurden yn it Eastfryske Leechdútsk. B3. Dialektology (sjoch ek C2.) De Fryske taaleilantsjes sille yn guon gefallen diskontinuïteiten yn it kaartbyld jaan, yn oare net. Faak is it net maklik om oerlevere wurden en lienwurden te ûnderskieden. Fan grut belang is dêrom it wurk fan Löfstedt (1928, 1931), om't er foar it Noardfrysk makliker kritearia foar Leechdútske lienwurden fynt. Minssen (1970) jout wolris Leechdútske parallelen en stikjes tekst, dy't fral fan belang binne om it konsekwinte lûdskrift. Fan gâns aparte Sealter wurden jout Ramsauer (1903) Leechdútske parallelen, fral út âlde skriftlike boarnen. Hans Janssen (1937, oanhelle neffens Schmitt 1942:154) besprekt it Sealter Leechdútsk, mar sjocht oer de kop dat de Sealters har dêryn oanpasse oan mei wa't se prate (Fort 1990:37). Harders (1964, oanhelle neffens Fort 1990:40) fergeliket in tal wurden yn it Sealtersk en it Eastfryske Leechdútsk. Foerste (1938) besprekt Nederlânske lienwurden, dy't foar in part ek yn it Sealtersk foarkomme. Foar fergeliking mei de Leechdútske omkriten is it wurk fan Matuszak (1951) fan grut belang; sels fynt er út syn ryk materiaal in konservative wurdskat mienskiplik mei it Eastfryske Leechdútsk (mar ferg. Kramer 1994b). Fierders kinne fergelike wurde de stúdzjes oer de omkriten sels (Schönhoff 1908, Janssen 1937, Warnecke 1939, Bollmann 1942, Mews 1971), Eastfryske (Stürenburg (1857), Doornkaat Koolman (1879), Oldenburchske (Böning 1941) en Hümmlinger (Book 1993) wurdboeken en de al neamde taalatlassen en dialektwurdboeken. Hoekema (1970) syn besprek fan 'e sprieding fan 'e wurden foar 'mol' rekket ek ús gebiet. Scheuermann brûkt (1970) Sealter wurden om Fryske relikten yn it Eastfryske Leechdútsk te finen en fergeliket (1977) Sealtersk en Sealter Leechdútsk (oanhelle neffens Fort 1990:40-41). Allers (1984) jout in beskriuwing fan it Wurster Leechdútsk en wiist op guon Fryske relikten dêryn. Löfstedt (1963ff.) bestudearret oerienkomsten mei Ingelân en Skandinavië yn de oerlevere wurdskat. Meijering (1990) hellet de ienliddige tiidwurden yn de nijeastfryske tongslaggen oan, dêr 't Bremmer (1996:5f.) noch wat fierder op yngiet. Kramer (1996) ferliket de paradigma's notiid fan dy tiidwurden yn it Sealtersk mei dy yn oare Fryske tongslaggen. Hofmann (1956:89ff.) en Kramer (199*) behannelje de sprieding fan 'e útgongen -e, -en, -et yn 'e notiid meartal. C. TAALSKIEDNIS C1. Lûdûntjouwing Siebs (1886) besprekt yn syn ferhanneling oer de assibilaasje ek Nijfryske foarbylden út ús gebiet. Itselde docht er yn syn letter wurk foar de lûden (1889, 1901) en de bylûden (1901). Bremer (1888) besprekt it komôf fan de Wurstfryske lûden (oanhelle by Möllencamp 1968:38ff.) De ûntjouwing fan "Germaansk" ê2 yn it Frysk wurdt behannele troch D. Hofmann (1964) yn fonologyske gearhing mei de lange fokalen. Dy ûntjouwing hat it Frysk foargoed fan it súdliker kontinintaal-Germaansk ôfskaat, mar neffens Hofmann tagelyk wer min ofte mear opspjalt yn fjouwer kloften. De stúdzje befettet ek opmerkingen oer it trochinoar rinnen fan de klassen fan de tiidwurden en oer ynfloed fan de fokaal fan de doetiid op 'e dielwurden. [NOAT: Siebs (1901) brûkte de tekens ê1 en ê2 oarsom]. Kramer (1989) ferklearret de hast oeral fan it Aldfrysk ôfwikende langfokaalsystemen fan de moderne Fryske tongslaggen út de fonologyske ynfloed fan 'e ûntwikkeling fan afr. a: ta gruttere slutingsgraad (ferheging). De behanneling fan germ. *fanja 'sompe, fean' troch Hofmann (1970) ferklearret de stamfokaal fan in grut tal wurden as ûnder ynfloed fan nasaal nei a- weromgiene umlautsprodukten. It ûnderskied tusken fean en finne lit him ferklearje út ûngelikense ûntjouwing yn ûnderskate namfallen en in lettere betsjuttingsdifferinsjaasje. Heeroma (1972) giet hjir fierder op yn y.f.m. mei it ingweoane-probleem [sjoch Nielsen yn dit boek] en Kramer (1983) tinkt dy ynfloed ek te finen foar l yn de fokaal fan sfr. baale 'prate' en staale 'stalle'. De tige nijsgjirrige Wurstfryske foarmen Snuh 'soan', kma 'komme' ens. wurde troch Möllencamp (1960, oanhelle neffens Hofmann 1961b) en Hofmann (1961b) ferklearre troch aksintferskowing en dêrnei ferlern gean fan 'e stamfokaal yn afr. sunu, kuma ens., in oars yn germ. talen net foarkommende ûntjouwing. Dit die him allinne foar nei koart en fanâlds iepen stamwurdlid, wêrby't lykas yn it Riustringsk en it Wangereachsk de folle einfokaal bewarre bleaun wêze moat. Konsekwinsjes foar dy tongslaggen wurde ek besprutsen. Löfstedt (1932: 1-33) ferklearret Wangereachsk i en u yn 2. pres. Sg. njonken î en û yn de ynfinityf. Hermann (1938) jout in rige bysûndere ferskynsels út Ald- en Nijfrysk mei inkelde sinnen fan Sealter korrespondinten. Wichtich foar wurden mei germ. aw-/auj- is J. Naarding (1960). Lûdsubstitúsje yn Sealter wurden as swäk 'swak' by Århammar (1969:83). It yn Århammar (1968a:293) oankundige ûndersyk oer Germ. eu yn it Wangereachsk is noch net ferskynd [A. Petersen, freonlike meidieling], mar is koart behannele yn Århammar (1969:61f) [A. Versloot, freonlike meidieling]. Faltings (1996b) behannelt adjektiven op -ed/-et. C2. De ûntfrysking Alles wiist derop dat eartiids yn in folle grutter gebiet Frysk praat waard as hjoeddedei. Fral tusken Lauwers en Elbe wie dat it gefal: Grinslân (alteast de Ommelannen), Eastfryslân, Noardoldenburg en in stripe rjochts fan 'e Wezer lykje Aldfrysk taalgebiet west te hawwen. Sa wiist W. de Vries (1942) op Fryske relikten yn foarhinne Frysk gebied en Schönfeld (1947) lit sjen dat de measte toponimen yn Grinslân oarspronklik Frysk binne. J. Naarding (1961) neamt noch in tal Frysktalige oarkonden út Grinslân. Yn benei dit hiele gebiet moat it Frysk dus ferdwûn wêze. Dit proses fan 'ûntfrysking' hat gâns oandacht fûn, fral yn ferbân mei Grinslân. Huizinga (1914) fynt dat de Fryske persoansnammen yn 'e Ommelannen sûnt de 15e ieu tige yn oantal tebek geane en liedt dêrút ôf dat der in sterke ymmigraasje út Saksyske gebieten (stêd Grins, Drinte, Oerisel) west hat, wat dan laat hawwe soe ta it opjaan fan it Frysk. Brouwer (1947:28) fynt lykwols inselde tebekgong by de nammen yn it westerlauwerske Frjentsjeradiel, wat wol Frysk bleaun is, dat de Saksyske ymmigraasje is dêrmei net oantoand ( Heeroma 1961:11). Schmitt (1942) konkludearret op dialektgeografyske grûnen, dat net de stêd Grins de oarsprong is fan de taalferoaringen, mar it Oldambt en de Feankoloanjes. Op grûn fan ferskynsels as de "diphthongearring" nimt er oan dat it Westfaalske elemint dêr frij sterk yn meispile hat. Op grûn fan 'e persoansnammen nimt Naarding (1961) oan, dat der yn 'e stêd Grins oant 1400 hast allinne ymmigraasje út de Ommelannen en Drinte west hat. Hy komt ta de konklúzje dat de stêd oarspronklik Frysk west hat en dat er ûntfryske is troch ynfloed fan de frjemde hearen (it bisdom Utert). Neffens Miedema (1968) is lykwols it tal frisismen yn de stêd Grins folle lytser as Naarding tocht. Heeroma (1961) hâldt it op taalferkringing troch taalferkear en lit mei kaarten Drintske, Westfaalske en Fryske ynfloeden sjen yn it Grinslânsk. Neffens him is it Grinslânsk oant op sekere hichte Frysk, yn elk gefal Ingweoansk bleaun. Hjirmei bliuwt er yn feite trou oan syn âld stânpunt dat it Aldeastfrysk eins West-ingweoansk is en it Westerlauwersk Frysk East-ingweoansk [fgl. Århammar 1990:1-4 en Nielsen yn dit boek]. Meijering (1973, 1977) ûndersiket de Ommelanner rjochtshânskriften op Fryske relikten. Yn Eastfryslân sjocht Foerste (1938:12) de ûntfrysking út it westen kommen. Yn Schmitt (1942) syn opfetting is dat in beweging dy't him út it Grinzer Oldambt nei it Noardeasten ferspriedt nei de Eastfryske klaai. Nei it suden wurdt dy ynfloed begrinzge troch de protestantsk-roomske tsjerkegrins by Papenburg. Ahlsson (1964) ûndersiket de wurdskat fan de Middelleechdútske skriuwtaal yn Eastfryslân op Aldfryske en oare ynfloeden en jout in oersjoch fan de literatuer oer de ûntfrysking. Niebaum (1997) behannelt yn dit ferbân de Eastfrysk-Grinslânske ferbiningen. Kramer (1989, 1990) sjocht de oarsaak fan de ûntfrysking en it Nijfryske taalferskaat yn in abrupte en dialektysk sterk fariearjende feroaring fan it foneemsysteem as gefolch fan in tafloed fan lienwurden yn de 15de ieu. De boppe oanhelle opnamen fan Spenter hiene ek as doel de stúdzje fan it Fryske substraat; sj. Spenter (1979, oanhelle neffens Århammar 1979:25) en Spenter 1983. Dêrom binne ek gâns opnamen yn no net mear Fryske gebieten makke. Remmers (1994) behannelt yngeand de Fryske ynterferinsjes yn it Leechdútsk fan Eastfryslân en oangrinzgjende gebieten. Scheuermann (1970) behannelt njoggen Fryske reliktwurden en Remmers (1995a, 1996) sa'n 150. Remmers (1995b) besprekt it foarheaksel bi- en it efterheaksel -nisse as Afr. relikten. Århammar (1984b:993) besprekt Leechdútske lienfonemen yn it Sealtersk en it Wangereachsk en jout foarbylden fan Fryske ynterferinsje yn it Eastfryske Leechdútsk. Fort (1997) behannelt it Leechdútsk as twadde taal fan 'e Sealters. D. Nammekunde D1. Lân- en plaknammen. Sealterlân hat in rike skat fan mear as 2000 lânnammen. Al yn 1846 sammele Minssen in tal lânnammen yn Schäddel (1970:81). Siebs publisearre yn 1896 de lânnammen fan Roomelse mei ôflieding. Syn iensidich taalkundige benadering docht bliken út it feit dat er Bjuust ferklearret as in hichte, wylst it yn wêzen in opfallende djipte wie. It liket derop, dat Siebs de nammen fan de oare doarpen ek sammele hie, mar dy binne nea publisearre. It materiaal sil, tagelyk mei Siebs syn hiele neilittenskip, yn 'e oarloch yn Breslau (no Wroclaw) ferbaarnd wêze (H.T.J. Miedema, persoanlike meidieling). Itselde sil jilde foar syn kaart fan Sealterlân (1893:239, noat). Heinrich Schulte makke om 1940 hinne in list mei Sealter lânnammen, meast neffens it kadaster, mei frij breklike ôflieding (HS yn Stadtarchiv Friesoythe). Kramer hat sûnt 1970 de lânnammen sammele, dêrby begeunstige troch de rike âlde Oldenburger kadasters en it noch frij algemien bekend wêzen fan 'e nammen (Kramer 1994a). De etymology fan guon Sealter lânnammen waard al behannele fan Kramer (1973 en 1974), wylst parallelen mei de Sealter plaknammen oan 'e oarder komme yn Kramer (1978) en lânnammen mei W.r 'daam' yn Kramer (1984). Foar Wangereach neamt Ehrentraut (1847ff.) yn syn beskriuwingen (I:406-416) in aardich tal toponymen fan lân en see en jout fierders (I:338-340) in list mei plaknammen. De earste soene ris fergelike wurde moatte mei it âlde kadaster-materiaal. Yn it lân Wursten fynt Von Lehe (1967:44) inkelde lânnammen fan Frysk komôf. Scheuermann (1978) bestudearret de namme Greetsiel. D2. Persoans- en hûsnammen. Oant de ein fan 'e njoggentjinde ieu hiene de Sealters oer it algemien Fryske nammen (Bröring 1897f:78). Hettema (1836:189-190) (118x), Minssen (1970:131-134) (235x) en Bröring (1897) (87x) jouwe allegearre in rychje. Kramer hat dy gearfoege, tagelyk mei nammen út oarkonden [net útjûn]. Folle mear nammen binne lykwols noch te finen yn it âlde Roomelster tsjerkeboek (it iennichste âlde dat bewarre is) en yn de âlde kadasters. Minssen (1970:131f.) jout ek in beskriuwing oer de wize fan neamen (mei Sikke Eeuds as âldste soan fan Eeud Sikkens). Bröring neamt guon fan de dêrby ûnderstelde hilligenammen, sa't dy der sûnt 1670 yn it tsjerkeboek by skreaun binne. Siebs (1970) skriuwt ek oer de nammen fan 'e Wezerfriezen. Ehrentraut jout twa siden Wangereager persoansnammen (I:340-341), útwreide by B.E. Siebs (1928:86-87). Versloot (1996a) behannelt de foarming fan Wangereager famyljenammen. Sealterlân hat in opfallend hûsnamme-systeem, yn opset tink gelyk oan dat fan de Leechdútske omkriten, mar mei Fryske nammen. Faak ôflaat fan in persoansnamme: Bouls, mar soms ek fan in beropsnamme Täkker 'dakdekker'. Dêrby hâlde de bewenners fan in beskaat hûs altyd deselde namme, ek al is de heit mei in oare namme derby yn troud. Janssen publisearre de húsnammen fan Hollen (1968) en Roomelse (1969) en Ahlrichs (1970) guon fan Schäddel. Om't dit systeem noch libbet, is it in mûglikheid om dêr gâns âlde persoansnammen noch yn te hearren. Eins soene dy húsnammen mei har genealogyske ferbiningen no folslein opnommen wurde moatte. 2007: Yntuskentiid binne de húsnammen fan hiel Sealterlân sammele fan frijwilligers en publisearre yn Griep (1999). E. Taalsosjology en sosjolinguistyk Al yn 1691 klaget Cadovius-Müller oer it Eastfryske dialektferskaat, wêrtroch't de iene de oare kwealik ferstean koe (Kükelhan 1875:24). B.E. Siebs (1928:68-69) jout inkelde foarbylden fan it ferfangen fan guon Wangereager wurden troch tichter by it Leechdútsk steande. Matuszak (1953) beskriuwt de Sealter taalsitewaasje en berjochtet (1960) oer de taal fan Sealter skoalbern. Fort (1967) jout in listke wurden 'min Sealtersk'. Droege (1979) besprekt de taal fan Sealter emigranten. Taaltellingen foar it Wangereachsk en it Sealtersk binne der fan Kollmann (1891) en foar it Sealtersk fan Drees (1973), dy't konkludearret dat de posysje fan it Leechdútsk sterker is as Kramer (1969a) tocht hie. De krekt fûne hânskriften fan Ehrentraut befetsje gegevens oer diskriminaasje fan it Wangereachsk (Versloot 1996b: xxi, 16f). F. Beslút Mear bysûnderheden binne te finen yn in trijetal skôgjende wurken, dêr't ik hjir ek gâns profyt fan hân haw. Miedema (1961) behannelt it fjild oant 1940 yn ferbân mei Siebs yn oansluting op 'e algemiene taalwittenskip. Århammar (1968a) syn systematysk oersjoch jout ek lettere literatuer. Fort (1990:12-47) jout in yngeand oersjoch fan 'e boarnen en de bestudearring fan it Sealtersk. Literatuer Ahlrichs , H. (1970) Ahlsson, L.-E. (1964) Alinei, M. e.o. (eds.) (1983ff.) Allers (1984) Anonymus (1837) Århammar, Nils (1968a) Århammar, Nils (1968b) Århammar, Nils (1969) Århammar, Nils (1979) Århammar, N. (1984a) Århammar, Nils (1984b) Århammar, Nils (1989) Århammar, Nils (1990) Bollmann, H. (1942) Böning, H. (1941) Book, H. e.o. (1993) Botke, J. (1934) Bremer, O. (1888) Bremer, O. JB.III (NF.) 1923, s. 124, Nr. 13; JB.IV (NF.) 1924, S. 174-75, Nr. 12, JB. VIII, 1928, s. 223, Nr. 24. [Sa neffens Gerhardt 1938:12f.; JB = Jahresbericht über die Erscheinungen auf dem Gebiete der germanischen Philologie neffens Versloot 1996b: xlviii]. Bremmer, Rolf H. (1996) Breuker, Ph.H. (1990) Bröring, Julius (1897f.) Brouwer, J.H. (1947) Brouwer, J.H. (1964) Buma, W.J. (1949) Buma, W.J. (1958a) Buma, W.J. (1958b) Dellen, S. van (1969) Depping, Georg Bernhard (1811) Detten, M. (1798) Doornkaat Koolman, J. ten (1879ff.) Drees, Jan (1973) Droege, G.B. (1975) Droege, Geart B. (1979) H.G. Ehrentraut (1847ff.) Faltings, Volkert F. (1983) Faltings, Volkert F. (1992) Faltings, Volkert F. (1994) Faltings, Volkert F. (1996a) Faltings, Volkert F. (1996b) Feitsma, A. (1957) (red.) Firmenich, Johannes Matthias (1846) Firmenich, Johannes Matthias ((1854) Foerste, William (1938) Foerste, William e.o. (1969ff.) Fokkema, K. (1953) = De tweede Emsinger codex,bewerkt door K. Fokkema, 's-Gravenhage. Fokkema, K. (1959) Fort, M.C. (1967) Fort, Marron C. (1971) Fort, Marron C. (1980) Fort, Marron C. (1984) Fort, Marron C. (1985) Fort, Marron C. (1988) Fort, Marron C. (1990) Fort, Marron C. (1996) Fort, Marron C. (1997) Gerhardt, Dietrich (1937) Gerhardt, Dietrich (1938) Griep, Theodor (1999) Gröne, G. (1881) Harders, Focko (1964) Harmjanz, H. e.o. (eds) (1936ff) Heeroma, K. (ed.) (1957ff.) Heeroma, K. (1961) Heeroma, K. (1972) Hermann, Eduard (1938) Hettema, [M.] (1832) Hettema, M. en R.R. Posthumus (1836) Heuer, [J.] (1913) Hoche, J.G. (1800) Hoekema, Teake (1969) Hoekema, Teake (1970) Hoekema, Teake (1989) Hofmann, Dietrich (1956) Hofmann, Dietrich (1961a) Hofmann, Dietrich (1961b) Hofmann, Dietrich (1964) Hofmann, Dietrich (1970) Hofmann, Dietrich (1988) Holthausen, F. (1927) Huizinga, J. (1914) Janssen, Hans (1937) Janssen, Hermann (1967) Janssen, Hermann (1968) Janssen, Hermann (1969) Jørgensen, Peter (1938) Jungandreas, W. e.o. (eds.) (1953ff.) Junius, Franciscus (1743) Kollmann, Paul (1891) König, Erich (ed.) (1911) König, Werner (1978) Kosegarten, J.G.F. (1846) Kramer, P. (1961) Kramer, P. (1967a) Kramer, P. (1967b) Kramer, P. (1968a) Kramer, P. (1968b) Kramer, P. (1968c) Kramer, P. (1968d) Kramer, P. (1969a) Kramer, P. (1969b) Kramer, P. (1969c) Kramer, P. (1970a) Kramer, P. (1970b) Kramer, P. (1970c) Kramer, P. (1970d) Kramer, P. (1971a) Kramer, P. (1971b) Kramer, P. (1972) pp. 139-146. Kramer, P. (1973) Kramer, P. (1974) Kramer, P. (1978) Kramer, P. (1979) Kramer, Pyt (1982a) Kramer, P. (1982b) Kramer, P. (1983) Kramer, P. (1984) Kramer, P. (1989) Kramer, P. (1990) Kramer, P. (1992) Kramer, P. (1994a) Kramer, P. (1994b) Kramer, P. (1995) Kramer, Pyt (1996) Krogmann, Willy (1953) Krogmann, Willy (1956) Kükelhan, L. (ed.) (1875) Larsen, Nils-Erik (1979) Lehe, E. von (1967) Littmann, Enno (1922) Löfstedt, Ernst (1928) Löfstedt, Ernst (1931) Löfstedt, Ernst (1932) Löfstedt, Ernst (1963ff.) Lübben, A. (1846) Matuszak, Hans (1951) Matuszak, H. (1953) Matuszak, H. (1960) Meijering, H.D. (1973) Meijering, H.D. (1977) Meijering, H.D. (1990) Mews, Hans-Joachim (1971) Miedema, H.T.J. (1961) Miedema, H.T.J. (1968) Miedema, H.T.J. (1978) Minssen, Johann Friedrich (1849) Minssen, Johann Friedrich (1854) Minssen, Johann Friedrich (1965) Minssen, Johann Friedrich (1970) Mitzka, W. (red.) (1951ff) Möllencamp, R. (1960) Möllencamp, R. (1968) Möller, Hermann (1881) Naarding, J. (1960) Naarding, J. (1961) Niebaum, Hermann (1997) Nieberding (1837) Pleitner, Emil (1913) Ramsauer, Wilhelm (1903) Remmers, Arend (1993) Remmers, Arend (1994) Remmers, Arend (1995a) Remmers, Arend (1995b) Remmers, Arend (1996) Scheuermann, Ulrich (1970) Scheuermann, Ulrich (1977) Scheuermann, Ulrich (1979) Schmitt, L.E. (1942) Schönfeld, M. (1947) Schönhoff, Hermann (1908) Siebs, Benno Eide (1928) Siebs, Benno Eide (1954) Siebs, Benno Eide (1970) Siebs, Benno Eide (1974) Siebs, Theodor (1886) Siebs, Theodor (1889) Siebs, Theodor (1891) Siebs, Theodor (1893) Siebs, Theodor (1896) Siebs, Theodor (1901) Siebs, Theodor (1923) Siebs, Theodor (1934) Sipma, P. (1943) Sjölin, Bo (1969) Spenter, Arne (1968) Spenter, Arne (1979) Spenter, Arne (1983) Stürenburg, Cirk Heinrich (1857) Tröster, Stefan (1996) Versloot, A.P. (1991) Versloot, A.P. (1994) Versloot, Arjen (1995) Versloot, A.P. (1996a) Versloot, A.P., (útj.) (1996b) Versloot, Arjen (1997) Vries, W. de (1915) Leiden 1915-16, pp. 1-22, 217-233, 282-297 [Net fierder fuortset]. Vries, W. de (1942) Wander, Karl Friedrich Wilhelm Deutsches Sprichwörter-Lexikon. Leipzig, 5 dielen, 1867-1880. Warnecke, R. (1939) Westendorp, N. (1819) Wicht, M. von (útj.) (1746) Wrede, F. e.o. (útj.) (1927ff.) P. Kramer. [Fuotnoat by earste side:] * De oerlevering fan it Sealtersk en it Wangereachsk begjint winlik earst om 1800 hinne, wylst de boarnen fan de oare tongslaggen sawat by 1700 ophâlde. De grutte dialektûnderskieden meitsje in ûntjouwing yn 'e tiid sa fierhinne ûnsichtber en dêrom is der yn it Eastfryske gebiet gjin reden om in Midfryske perioade te ûnderskieden. Mei Siebs (1901:1168) brûke wy de term Nijeastfrysk foar de Fryske tongslaggen yn it Eastfryske gebiet. Wy litte de perioade begjinne mei it jier 1550 yn oerienstimming mei Sjölin (1969:7). |