Taal en tinken

P. Kramer

In tocht lyn brocht immen de teoary nei foaren dat it folksaard fan 'e Dśtskers beskaat wźze soe troch de Umlaut-lūden. Spitigernōch komme deselde lūden yn it Frānsk ek foar, al wurde se dźr oars skreaun. Noch earder soe men tinke kinne dat de Fryske 'brutsene' lūden sa'n ynfloed hawwe kinne, mar guon dźrfan komme ek al yn it Frānsk foar! It Fryske 'folksaard' sil dan ek earder te krijen hawwe mei syn twadderangs posysje yn it neie ferline.

Hjir woe ik in oar aspekt nei foaren bringe, ntl. dat fan klank-assosiaasjes. In klassyk foarbyld is dźrby it al fan Piter Jelles Troelstra yn syn tinkskriften neamde gearfallen fan kast en kost, wźrtroch't in bern miene kin dat "juffer by de bakker yn 'e kast sit".

As it wier is, dat de taal it tinken foarmet, dan moatte hjir by Fryske bern oare tinkwegen lein wźze as by Hollānske: in Frysk bern sil yn syn tinken earder fan kost by kast komme. Om't sokke oerienkomsten of benei-oerienkomsten folle mear foarkomme, soe men jin tinke kinne dat Fryske bern lāns oare paadsjes tinke as Nederlānske en dat se op dy wize ek wolris systematysk ta oare konklśzjes komme kinne.

Om dat nei te gean soe men oan bern net-ōfmakke ferhaaltsjes foarlizze kinne dźr't sokke oerienkomsten yn ferskūle sitte. Troch se dan in beslśt kieze te litten dźr't dy oerienkomsten al of net yn meispylje, soe men dan ta ferskillen komme moatte.

As sokke ferskillen wier systematysk optrede, dan soe dat in wichtich argumint wźze foar de wearde fan taalferskaat. Want alhoewol't in mūglike 'Fryske' tinkwize net needsaaklikerwize better hoecht te wźzen as in oaren, is it dochs sa dat in grutter ferskaat fan ideeėn liede kin ta in better oplossen fan problemen op allerhande gebieten. PK 30-9-2000.

1